Fragen plysje-optreden Heechterp

© Omrop Fryslân
De organisaasje 'Voor Vluchtelingen Collectief' set fraachtekens by it optreden fan de plysje fannewike, yn de Ljouwerter wyk Heechterp. De plysje socht dêr nei oanwizings oer trije asylsikersbern dy't ferdwûn binne.
De plysje foel lykwols ek binnen by in flechtlinge dy't neat mei de saak te krijen hie. Se hat de heale dei fêstsitten op it buro en is bot oandien troch it optreden fan de plysje.