Lauwerssee ûntstien foar 9e ieu

08 sep 2006 - 12:34

Ut ûndersyk troch it Grinzer Ynstitút foar Argeology fan in terp by Eanjum docht bliken dat de Lauwerssee foar de njoggende ieu nei Christus ûntstien is. Guon tochten dat de see pas letter yn de midsieuwen ûntstien wie. De terp sels is ek bysûnder, want foar it earst is sa goed in útwreiding te sjen.

Ek is der in bysûnder dykje fûn, dat datearret út in perioade dêr't noch net earder in dykje fan fûn waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)