Fytsers net graach nei Fryslân

Fryslân is net populêr by rekreative fytsers. De provinsje stiet tsiende op in list dy't gearstald is troch de website fietsen.123.nl. It earste plak is foar Gelderlân, mei 20% fan de stimmen. Flevolân stiet ûnderoan mei 1%.
Yn Fryslan is de lêste jierren in soad jild ynfesteard yn it opsetten fan fytsnetwurken. Der is mooglik te min dien oan promoasje, tinke de makkers fan de website fietsen.123.nl.