Opskuor oer bleate poster Lawei

08 sep 2006 - 09:25

In reklameposter by teater De Lawei yn Drachten soarget foar argewaasje. Op de poster foar De Vliegende Panters is in bleate frou te sjen. De ChristenUnie yn Smellingerlân seit dêr in soad klachten oer krige te hawwen.

De partij fynt dat de poster net tsjûget fan goede smaak. It plakkaat moat der sa gau mooglik weihelle wurde. De partij hat boargemaster en wethâlders yn in brief frege wat te dwaan tsjin ditsoarte reklames.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)