Nigeriaanske famkes ferdwûn

08 sep 2006 - 09:24

Trije minderjierrige famkes út Nigeria binne begjin augustus ferdwûn út har skûladressen yn Fryslân. De famkes wurde troch in kriminele organisaasje nei Nederlân helle en moatte dan oan it wurk yn de prostitúsje.

De plysje hat yn ferbân hjirmei woansdei yn Ljouwert fjouwer minsken oppakt. Ien fan har wurdt derfan fertocht mear fan de saak te witten. Lanlik binne tsientallen famkes op deselde wize fermist rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)