'Supporters moatte ús stypje'

De supporters fan Cambuur moatte as de tolfde man achter de ploech stean. Dat is neffens trainer Roy Wesseling better as it lêbjen oer de posysje fan de trainer. Wesseling seit: "Ik heb een brede rug, het doet mij niet veel." Hy jout it advys om freedtejûn by de wedstriid tsjin de nûmer twa Den Bosch om de ploech nei de earste oerwinning fan it seizoen te razen.
Berry Hoogeveen en Ferdinand Katipana binne blesseard en dogge net mei.