Nij taalboek Frysk

07 sep 2006 - 15:27

Op fiif Fryske skoallen wurdt takom wike tongersdei in nij taalboek Frysk presintearre. De taalmetoade hjit 'Studio F', nei it program mei deselde namme fan Omrop Fryslân Skoaltelevyzje.

De metoade is bedoeld foar de groepen 4, 5 en 7. Foar de presintaasje fan it nije boek rydt in bus de fiif skoallen bydel. Yn de bus sitte deputearre Mulder, twa akteurs fan Studio F en de skriuwers fan de metoade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)