Debat oer takomst fan Fryslân

De provinsje set ein dizze moanne út ein mei in rige publike debatten oer de takomst fan Fryslân. Under de titel Fryske Fiersichten wurdt Friezen en Friezen-om-utens frege projekten en plannen yn te tsjinjen foar Fryslân yn 2030.
De plannen moatte konkreet wêze en útfierber. Takomstûndersiker Wim de Ridder fan de Universiteit Twente neamt de debatten en plannen needsaaklik.