Fernield keunstwurk net werom

© Omrop Fryslân
It byld 'De Vervening' fan keunstner Annet Haring komt net werom yn it sintrum fan it Hearrenfean. It waard begjin jierren tachtich delset yn in plantsoen by it gemeentehûs. Hast tsien jier letter waard it fernield en ferdwûn de sokkel yn in gemeentlike opslach.
De keunstner hat Hearrenfean frege it brûnzen byld opnij jitte te litten. It kolleezje wol dat net, omdat it te djoer is. It kostet 30.000 euro