TV helpt by ferbouwing fan hûs

© Omrop Fryslân
De famylje Van der Meer út Burgum docht mei oan it tv-programma 'Je leven in de steigers'. Dit programma helpt minsken dy't troch wat foar reden ek der net ta komme om it hûs te ferbouwen.
Nei de berte fan in fjouwerling trije jier lyn is it hûs te lyts. Aldste dochter Rianne fûn dat der wat barre moast en skreau in brief nei de redaksje. Woansdei krige de famylje te hearren dat se meidwaan meie.