Utslaande brân op it Hearrenfean

07 sep 2006 - 10:51

In útslaande brân hat sneintejûn de dakken fan fjouwer wenten oan de Morra op it Hearrenfean fernield. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

De brân ûntstie om njoggen oere hinne op de souder fan in hoekwente. De brân koe fia it isolaasjemateriaal tusken it dak oerslaan nei de oare wenten. Dat makke it foar de brânwacht dreech it fjoer te bestriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)