Sosjaal plan foar CPS-Color

07 sep 2006 - 10:20

It fakbûn FNV hat nei fjouwer moanne fan ûnderhanneljen in sosjaal plan berikt mei fervefabryk CPS-Color yn Snits. De 36 meiwurkers dy't ûntslein binne, gean akkoart mei it plan.

De meiwurkers krije in ûntslachfergoeding. Fierder sil de direksje fan it fabryk meihelpe by it sykjen nei nij wurk. De meiwurkers dy't oergeane nei de festiging yn Sittard, krije ekstra jild foar de ferhuzing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)