Ekstra personiel Schaaf

07 sep 2006 - 09:34

Befeiligingsbedriuw Schaaf út Twellegea is op syk nei fjirtich nije meiwurkers. It bedriuw hat sûnt koart in nije service wêrby't foar eveneminten alles regele wurdt. It giet om saken lykas fergunnings, brânfeiligens en de kaartferkeap.

De organisaasje fan bygelyks in popkonsert hoecht dan allinnich noch mar de lokaasje en de artysten te regeljen. Der is in protte fraach nei dizze nije tsjinst fan it bedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)