ECG-apparaat foar Makkum

07 sep 2006 - 09:33

Ynwenners fan Makkum dy't in hertfilmke meitsje litte moatte, hoege tenei net mear nei Harns of Snits ta. Húsdokters yn Makkum ha fan it eardere Griene Krús in apparaat krigen dat dy filmkes meitsje kin. It saneamde ECG-apparaat stiet by dokter Dierick, mar wurdt ek troch oare dokters brûkt.

De komst fan it apparaat besparret nei alle gedachten in soad tiid om't minsken net mear hoege te reizgjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)