René Hooghiemster nei Löwik

© Omrop Fryslân
Hurdfytser René Hooghiemster rydt it kommende seizoen foar Löwik Meubelen yn Vriezenveen. De 20-jierrige ynwenner fan Oentsjerk makket dêrmei de oerstap nei it gruttere wurk. Op dit stuit is Hooghiemster lid fan De Friesche Leeuw fan Ljouwert.
By Löwik komt ek Sjoerd Koster - in eardere trener fan Hooghiemster - takom seizoen as ploechlieder yn aksje. René Hooghiemster wûn al de kriteariums fan Peize en Schoonoord.