Granaat ûntploft op strân Amelân

© Omrop Fryslân
Op it strân fan It Amelân is woansdei in granaat út de Twadde Wrâldoarloch ta ûntploffing brocht. De granaat wie fûn troch twa badgasten. Dy hiene it projektyl meinaam nei de baly fan de fjoertoer en oan de meiwurker frege wat it wie. De meiwurker hat dêrnei melding makke fan de granaat.
Twa leden fan de demonteargroep fan de marine hawwe de granaat op it strân ûntploffe litten. Dat soarge foar in krater mei in trochsneed fan in meter.