Nije drukkers foar Snits

07 sep 2006 - 06:40

De grafyske yndustry yn Snits krijt der yn de takomst wer in pear meiwurkers by. De gemeente Snits docht mei oan in proefprojekt om sechstjin wurkleazen op te lieden ta drukker.

Yn de grafyske wrâld wurdt it hieltyd dreger om oan personiel te kommen. Snits sil no by inkelde útstjoerburo's yn de kaartebak sjen om geskikte kandidaten te finen. Dat alles bart yn gearwurking mei it Koninklijk Verbond van Grafische Ondernemingen, de KVGO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)