Rotary Skier sammelt jild yn

07 sep 2006 - 06:17

Mei de ferkeap fan strânpealtsjes hat de Rotary Club op Skiermûntseach jild ynsammele foar in goed doel yn it Afrikaanske Zimbabwe. In húsarts op it eilân hat dêr kontakten. De Rotary- leden hawwe de pealtsjes sels makke. It binne lytse farianten fan de peallen sa't dy op it strân steane.

De strânpealtsjes binne ferkocht op de iepen merk op Skier. Dat hat in pear tûzen euro opsmiten. Dêrfan giet ek in part nei projekten op it eilân sels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)