Jild om bern bewege te litten

06 sep 2006 - 15:33

Fyftjin Fryske gemeenten krije fan it ministearje fan sport 2,7 miljoen euro foar projekten om bern mear bewege te litten. It giet om projekten wêrby't it ûnderwiis, sportorganisaasjes en it sosjaal kultureel wurk mei-elkoar gearwurkje.

De fyftjin gemeenten ha tasein de 2,7 miljoen euro fan it Ryk minimaal te ferdûbeljen. Sa is der de kommende jierren hast 6 miljoen euro beskikber om Fryske bern mear sporte litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)