Peil yn feangebiet tydlik heger
It ferheegjen fan it simmerpeil yn feangebieten moat earst allinnich tydlik tastien wurde, sa fynt it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân.
Deputearre Steaten wolle it wetterpeil yn feanpolders wol heger ha om't soks de boaiemdelgong tsjingiet, mar boeren fiele har dêrtroch beheind yn it wurk op it lân. In tydlik peil soe dy beswieren tsjingean moatte, tinke se by it wetterskip.