Cambuur wer op Fryske tv

Omrop Fryslân Tillevyzje stjoert fan sneon ôf wer bylden út fan de wedstriden fan Cambuur. Earder barde dat net omdat de Omrop it net iens wurde koe mei Talpa, de stjoerder dy't de rjochten fan de Juliper League yn behear hat.
Talpa woe ûnder oare dat de Omrop folsleine reklameblokken útstjoerde dy't ek by Talpa te sjen binne. Nei ferskate petearen binne de beide partijen no ta in oplossing kaam.