Sjitterij Ljouwert: 4 jier easke

© Omrop Fryslân
Tsjin in Antilliaan (19) is fjouwer jier selstraf mei ien op betingst easke foar sjitterij. Dat wie yn 'e Easterstrjitte yn Ljouwert. Der soe sprake wêze fan besykjen ta deaslach. De jonge hat 'gerjocht' sketten, fynt justysje. Sels seit er dat er yn 'e loft sketten hat.
Tsjin in oare belutsene is earder tweintich moanne finzenisstraf easke. De saak tsjin de oare twa is fanwege te min bewiis seponearre.