Coli-baktearje yn fiver Welle

© Omrop Fryslân
Der mei net mear swommen wurde yn it iepen wetter fan De Welle yn Drachten. It giet om de fiver by it lykneamige swimbad. Yn it wetter binne te hege konsintraasjes fan 'e coli-baktearje oantroffen.
Neffens wurdfierder Paul Lansen fan de gemeente Smellingerlân komt dat ûnder oare troch de guozzen en einen dy't yn de fiver swimme. De gemeente hat earder al in oprop dien om de fûgels net mear te fuorjen.