CEC-baktearje dûkt op yn MCL

05 sep 2006 - 16:35

Yn sikehûs MCL is opnij in baktearje opdûkt dy't dreech te bestriden is mei antibiotika. CEC kin min útpakke foar minsken mei in swakke wjerstân. De besmetting wie op de ôfdieling sirugy. Trijehûndert pasjinten dy't dêr lein hawwe tusken 1 juny en 25 augustus kinne de baktearje by harren drage. De eks-pasjinten moatte harsels ûndersykje mei in saneamde thúskweekset. De ôfdieling hoecht net ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)