Oprop wetterplanten stean litte

© Omrop Fryslân
By it hekkeljen fan de fearten soe de kommende tiid de helte fan de wetterplanten stean bliuwe moatte. Dat seit Lanskipsbehear Fryslân.
Lanskipsbehear Fryslân hat de ôfrûne twa jier ûndersyk dien nei bisten en planten op de Fryske wetterkanten. Der docht út bliken dat it al te drastysk himmeljen fan de sleatswâl de nekslach is foar bysûndere bistesoarten, sa as de griene glêzebiter.