Fragen oer detailhannel Fean

© Omrop Fryslân
De VVD yn Ljouwert wol mear witte oer it tastean fan grutskalige detailhannel by Sportstêd Hearrenfean. B&W soene dêrmei akkoart wêze, mar neffens de VVD is it belied dat der gjin grutskalige detailhannel bûten Ljouwert komt. De partij freget wêrom B&W no ôfwike fan dat belied en wêrom't dat net bepraat is yn de gemeenteried.
Der binne skriftlike fragen nei it kolleezje stjoerd.