Mear gemeenten wolle Omrin dumpe

05 sep 2006 - 15:15

Ek de gemeenten Dantumadiel, Opsterlân en Skarsterlân wolle mooglik har kontrakt mei ôffalferwurker Omrin opsizze. Koartlyn die Smellingerlân dat om't Omrin te djoer wêze soe.

Dantumadiel wol earst besykje dizze kosten by Omrin nei ûnderen te bringen. Dat soe kinne troch as gemeenten mienskiplik op te treden. Boarnsterhim besjocht ek al oft it earne oars goedkeaper kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)