Rob Friend skoart foar Kanada

05 sep 2006 - 12:52

Oanfaller Rob Friend fan SC Hearrenfean hat moandei yn in ynterlânwedstriid de iennichste goal makke foar Kanada. Kanada wûn tanksij Friend mei 1-0 fan Jamaica. It wie foar Friend syn earste goal foar syn heitelân.

Flak foar it skoft wie Friend mei in kopbal de keeper fan Jamaicva te tûk ôf. Jamaica en Kanada spylje op 8 oktober nochris tsjin elkoar. It giet om freonskiplike wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)