Nij libben foar Langmanakkoart

© Omrop Fryslân
De Partij fan de Arbeid wol de Langmanakkoarden nij libben ynblaze. De besunigings op de stipe foar ekonomyske ûntwikkelingen yn it Noarden moatte weromdraaid wurde, sizze de sosjaal-demokraten yn harren ferkiezingsprogramma.
Twadde-Keamerlid Jacques Tichelaar wol werom nei it belied fan foar de kabinetten-Balkenende. Wêrby't it Noarden fral ek sels beslisse moatte kin wêr't yn ynvesteard wurdt.