Oar plak fûn foar Bouhof-klanten

© Omrop Fryslân
Studinten en meiwurkers fan lokaasje de Bouhof fan de NHL yn Ljouwert ferhúzje begjin takom jier nei fjouwer tydlike lokaasjes. In part fan de Bouhof wurdt dan sloopt. De rest wurdt ferboud. Dêrtroch is it gebou oardel jier bûten gebrûk. It wurdt hielendal ûntromme.
De Bouhof-gebrûkers wurde ferdield oer in skoalle dy't earder fan ROC Friese Poort wie en de NHL-lokaasjes oan de Tesselschadestraat en it Fonteinland.