Glimkedei: 1722 man yn tsjerke

In spesjale eukûmenyske fiering luts snein 1722 minsken nei de Dokkumer Bonifatiuskapel. De tsjinst waard opfleure mei klowns. It gie allegearre om de útdaging dy't pastor Verheijen oangien wie mei de KRO. Dy útdaging wie om de kapel in kear goed fol te krijen.
De opset dy slagge, want mei mear as 1700 minsken siet de kapel grôtfol. Pastor Verheijen wie benammen tige te sprekken oer de goeie sfear.