Flinke winst Talma Sionsberg

Talma Sionsberg hat 1,8 miljoen euro oerhâlden yn 2005. Dat is seis kear safolle as yn 2004. De Dokkumer soarchynstelling set it jild oan de kant om spek op 'e bonke te hawwen. Der sit no 4,2 miljoen euro yn de sparpot, mar dêr moat noch mear by.
Ynstellingen ha hieltyd gruttere reserves nedich om de wurking fan de merk yn de soarch op te fangen. It sikehûs hat op hast alle ôfdielingen mear pasjinten holpen.