'Greidefûgelbelied kin better'

© Omrop Fryslân
Der binne yn Fryslân tefolle plakken dêr't wol subsydzje jûn wurdt foar it beskermjen fan greidefûgels, mar dêr't de fûgelstân net ferbetteret. Neffens deputearre Anita Andriesen moat dat better. Benammen omdat it ryk stipe jout oan kânsrike gebieten.
Yn oerlis mei de boeren en it bûn foar fûgelbeskermingswachten BFVW wol de provinsje de fûgelstân yn 'e takomst goed folgje. It is it doel dat it BFVW hjir ekstra jild foar krijt.