Buma cs winne yn Huzum
Géjanna Buma, Deborah Oosterman en Afke Hylkema hawwe de frije formaasjepary yn Huzum wûn. Yn de finale hiene sy gjin moeite mei Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken. It waard 5-1 en 6-2.
De twa tredde prizen wiene foar Linda Terpstra, Ingrid de Haan en Gérieke de Groot en foar it partoer fan Marie Heida, Inge Algra en Romy van der Veen.