Burgumer oanhâlden nei bedriging

03 sep 2006 - 17:08

In Burgumer (29) is sneintemoarn oanhâlden fanwege fernieling en bedriging. De man stie nachts mei in mes te swaaien foar in hûs oan de Elingsloane yn Burgum. De man bedrige de bewenner (45) mei de dea. Justjes letter krige de plysje melding fan it slaan fan twa froulju yn in hûs oan de Prins Bernhardstrjitte. It gie om deselde man.

De man koe hjir oanhâlden wurde troch de plysje. Hy hie in mes by him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)