Ljouwerters diele klappen út

© Omrop Fryslân
Twa Ljouwerters fan 20 en 22 jier binne sneintemoarn betiid yn Berltsum oanhâlden foar mishanneling. De beide manlju hiene earder in 19-jierrige ynwenner fan Easterbierrum inkelde klappen jûn. De jonge rekke dêrby ferwûne oan de holle.
De twa Ljouwerters waarden oanhâlden troch de portiers fan in diskoteek yn it doarp. De plysje hat de manlju meinommen en fêst set.