Picknickbank Ter Idserd fernield

03 sep 2006 - 15:31

De doarpsbelangen fan Ter Idserd, Aldeholtpea en Nijeholtwâld wolle in ûndersyk nei in fernield picknickplak. Tafel en banken stiene by it fiadukt fan de A32 en waarden in soad brûkt troch fytsers. De bank is ferline wike fernield troch jongerein en ûnder it fiadukt delsmiten.

Pleatslik belang Eensgezindheid fan de trije doarpen is kûgelsk oer de gong fan saken en wol de kosten ferhelje op de dieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)