24 oeren pealsitte yn Ljouwert

It pealsitten liket wer hielendal werom. Koartlyn sieten yn Kollum 6 minsken 55 oeren op in peal. Sneon giene by de Ljouwerter Mediamarkt trije jonges foar 24 oeren de peal op. De wedstriid wie betocht as marketingstunt om omtinken te krijen foar de DVD fan de Fryske film 'Sportman fan 'e ieu'.
Twa fan de trije pealsitters, de bruorren Beks út Ljouwert, makken de 24 oeren fol en diele de haadpriis.