Huizenga wint yn Trynwâlden

03 sep 2006 - 13:33

Hurdfytser Jenning Huizenga fan Frjentsjer hat sneon de omloop fan Trynwâlden wûn. Huizenga siet yn in kopgroep fan fjouwer man. In pear kilometer foar de einstreek koe hy der fantroch gean, wêrtroch hy nei hûndert kilometer allinnich oer de finish kaam.

Huizenga syn ploechgenoat Marco Bos fan Roden waard twadde. Sierk-Jan de Haan fan Dokkum waard tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)