ONS en Harkemase Boys winne

© Omrop Fryslân
De sneonshaadklassers ONS Snits en Harkemase Boys binne goed oan it nije fuotbalseizoen begûn. Sawol de Snitsers as de Harekiten wisten harren earste wedstryd te winnen.
Harkemase Boys pakte in 4-0 oerwinning yn en tsjin DOS Kampen. Jelmer Slager, Tony Alberda en Valery Sedoc (twa kear) makken de goals. ONS Snits wûn thús mei 2-1 fan Go Ahead Kampen. Ton Haarman makke beide goals foar ONS Snits, de earste út in strafskop.