Limburger oanhâlden yn Jobbegea

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht in man (57)út Milheeze oanhâlden foar mishanneling. De Limburger soe him ferfelend gedroegen ha yn in feesttinte. De man, dy't syn eigen drank meinommen hie, waard troch de organisaasje út de tinte set.
De Limburger waard sa lulk dat hy ien fan 'e meiwurkers fan 'e feestinte yn syn earm biet. De man is oanhâlden. De meiwurker fan it feest koe holpen wurde troch in dokter.