Hearrenfean no al yn 2de ronde?

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat sûnder ek mar in minút te fuotbaljen mooglik no al de 2de ronde fan de UEFA-cup helle. Dat komt omdat Wrâldfuotbalbûn Fifa driget de Portugeeske klubs út te sluten fan alle Europeeske kompetysjes.
Hearrenfean hat foar de earste ronde lotte tsjin it Portugeeske Vitoria Setubal. De Fifa wol Portugal útslute omdat de klub Gil Vicente nei de boargerrjochter stapt om degradaasje oan te fjochtsjen. De Fifa wol dat net.