Oer heal jier tydlike winkels

02 sep 2006 - 15:51

De bou fan in tydlik winkelsintrum yn de Ljouwerter wyk Bilgaard duorret langer as tocht. It sintrum kin pas oer in heal jier de doarren iepenje. De ûndernimmers wolle leaver dat der goed en moai boud wurdt, dan dat der yn sân hasten wat konteners delset wurde.

De kosten falle guon ûndernimmers bot ôf. Sa soe it tydlike winkelsintrum goed 2,5 miljoen euro kostje moatte. It echte moat dan noch boud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)