Biskop Eijk nei Dronryp

02 sep 2006 - 14:55

Biskop Eijk fan it bisdom Grins sil takom wike sneon it nije prysterkoar yn Dronryp ynseine. Dan sil ek de tsjerke fan de rooms-katolike parochy yn it doarp nei in restauraasje fan acht moanne wer offisjeel yn gebrûk naam wurde.

De tsjerke is sawol fan binnen as fan bûten opknapt. Boppedat is de ynrjochting fan de romte foar ûnder oaren it prysterkoar oanpast oan de winsken fan dizze tiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)