Fragen VVD oer brân Bilgaard

01 sep 2006 - 15:11

De VVD yn Ljouwert freget har ôf winkelsintrum de Bilgaardpassage yn de stêd wol oan alle regels foldie. It oerdekte winkelsintrum waard ferline wike tongersdei foar in grut part yn 'e jiske lein. En dat gebeurde foar in part omdat de brân him fia in romte ûnder de oerkaping maklik ferspriede koe. De VVD freget B&W oft der wetlike betingsten oan de konstruksje sieten.

De VVD tinkt dat in ûnôfhinklik ûndersyk in goeie set wêze kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)