3 miljoen euro foar baggerjen

It baggerjen fan Fryske wetters fia it projekt Fryske Marren set no ek yn gemeentlike farwetters útein. De gemeenten Skarsterlân en Tytsjerksteradiel hawwe dêr jild foar krigen fan de provinsje. Skarsterlân noch it measte mei in bydrage fan 170.000 euro.
Yn totaal is der oant 'e mei 2009 trije miljoen euro provinsjaal jild beskikber foar achterstallich ûnderhâld oan gemeentlike farwegen.