Undersikers soargje foar banen

It fernijde Cartesius-ynstitút yn Ljouwert moat yn de takomst soargje foar hûnderten ekstra banen yn Fryslân. Dat soe moatte troch nije projekten op it mêd fan enerzjy, wetter en rekreaasje nei de provinsje te heljen. Tritich ûndersikers sille dêr de kommende jierren mei oan de slach.
Dêrnei wol it ynstitút, dat earder yn Frjentsjer siet, ek dwaande mei projekten yn soarch, sport en kultuer.