Cambuur ferliest yn Venlo

© Omrop Fryslân
Cambuur-Ljouwert hat freed mei 3-2 ferlern fan VVV-Venlo. De Ljouwerters kamen yn de earste helte op in 2-0 efterstân. De Ljouwerters kaamen sterk werom. Fiif minuten foar tiid makke Berry Hoogeveen de lykmakker.
In ûnderstelde handsbal yn it strafskopgebiet makke flak foar tiid lykwols in ein oan de opmars fan Cambuur. De skiedsrjochter joech in penalty. Ald-Cambuur spiler Dirk Jan Derksen liet dy kâns net lizze.