Tûkste wenning docht fertuten

31 aug 2006 - 17:24

De tûkste wenning fan Nederlân ferlit nei goed in jier Dokkum. It hûs is in projekt fan wenningkorporaasje Dongeradiel, Eneco Energie en Bouwend Nederland.

Der ha it ôfrûne jier 3000 besikers west. Foaral minsken út de wrâld fan de bou en de soarch kamen te sjen nei de technyske foefkes dy't der foar soargje dat minsken langer op harsels wenje kinne. Hieltiten mear bouwers nimme eleminten út it hûs oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)