Rjochtsaak om drogisterij Grou

31 aug 2006 - 17:17

De Grouster Business Club stipet twa drogisterijen dy't nei de rjochter stappe fanwege de komst fan in Kruidvat-drogisterij. Dy hat fan de gemeente Boarnsterhim frijstelling krigen om bûten it doarp in festiging te iepenjen.

De twa ûndernimmers yn Grou fine dit ûnearlike konkurrinsje. De ûndernimmersferiening hie al beswier makke tsjin de plannen fan de gemeente en stipet no de gong nei de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)